skiednis.jpg

Yn septimber 2006 is de kursus skiednis yn Eastermar úteinset mei sa’n 20 minsken. De kursus wurdt jûn ûnder de flagge fan Stichting Welzijn Tytsjerksteradiel en Henk Popma is ús dosint.
Oan de hân fan âlde kaarten (1700 en 1850) en publikaasjes oer en fan Eastermarders dûke wy yn de skiednis fan ús doarp, dat ûntstien is mei it fergraven fan de Leijen en no sa’n 500 oant 600 jier âld is.
Ut it tal boeken dat de dielnimmers meinimme blykt dat der gauris wat oer Eastermar skreaun is. Ek by Tresoar yn Ljouwert kinne jo hiel wat gewaar wurde en dan noch de ynformaasje dy’t oer ús doarp op it ynternet stiet.
Mei dat ferskaat hawwe wy samar seis jûnen fol en hat der dan ek in grut tal ûnderwerpen oan ‘e oarder west. It tal bewenners, harren wurk, leauwe, feesten, merken, goede en minne tiden, oarloch en frede, winkeltsjes en kroegen. Mei dat de belestingtsjinst altiten al in krekte boekhâlder west hat, kinne wy no noch goed ynsjoch krije yn de finansjele sitewaasje fan Eastermarders út de 18e en 19e ieu. Ut dy sifers is in protte ôf te lieden.

Bytiden hat ek in hjoeddeisk barren oanlieding west om ris te sjen hoe’t dat yn earder tiden syn beslach krige. Sa is der nei de ferkiezings fan novimber lêstlyn in jûn bestege oan polityk yn de gemeente oan de hân fan ferkiezingsútslaggen út 1972.
Yn jannewaris sille wy noch in besite bringe oan it Streekmuseum yn Burgum. Dêr witte se in hiele protte fan de âldste bewenners út dizze omkriten. Want wat dat oanbelanget hat It Heechsân gâns âldere papieren as Eastermar. It skynt sa te wêzen dat der sa’n seis- oant sântûzen jier lyn har hjir al minsken ta wenjen setten.
It hat in learsume kursus west wêryn’t wy oanset waarden om ús te ferdjipjen yn de skiednis fan eigen doarp en gea.

Yn septimber 2007 sil der opnij in kursus skiednis oer Eastermar begjinne foar de minsken dy’t dizze kear net meidwaan koene, mar dochs graach mear te witen komme wolle oer de pearel fan Tytsjersksteradiel.

Auk Timmerman

Noat fan de redaksje:
Nei de simmerfakansje start de twadde groep. Der kinne noch in pear minsken by.
Oanmelde by Stichting Welzijn Tytsjerksteradiel bij Liesan Veenstra.
Per e-mail Liesan@welzijnwerkt.nl óf telefonisch by Stichting Welzijn, 0511 465200.

 


foto Eastermar yn 1905: www.tresoar.nl

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: