Ek dit jier kinne wy as Eastermarders sjen dat der op mear marren syld wurde kin as op de Burgumer Mar of de Leien... Dat wisten wy al nei de IFKS, mar dat kinne jo ek sels belibje troch mei te dwaan oan it ferneamde Silersbarren. Op saterdei 6 septimber sille wy mei maklik te hantearjen 'poly-valken' farre op 'e Hegemer Mar, Fluessen, Sleattemer Mar ensfh. Alle folwoeksenen út Eastermar binne ek dit jier wer tige wolkom om mei te dwaan.
Programma:
08.15 oere: sammelje op it Breed, op nei Heech.
09.30 oere: fertrek by van der Pol yn Heech
12.30 - 13.30 oere: efkes oanstekke op in terras (Sleat, Balk, Langwar?)
17.00 oere: wer oan wâl
De boathierkosten binne € 15,- pp. Opjaan kin oant en mei 30 augustus, fia de mail by Wopke/Froukje (froukje_wobbes@hotmail.com) of by Oebele (seadwei5@macuser.nl) Jou ek efkes oan oft wy jo op 'e list sette kinne as skipper. It is de bedoeling om de jûns, foar wa't wol, noch mei-inoar út te iten yn of yn 'e buert fan Eastermar. Mei-ite: mail it ús. De dielnimmers krije nei it Easterbarren fia de mail de lêste ynformaasje.
Wopke en Oebele
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »