Op saterdei 18 septimber wurdt wer it jierlikse silersbarren hâlden. Bedoeld foar alle Eastermarders fan 14 jier of âlder, ek as jo yn it ferline noch net earder meidien hawwe. Jo hoege sels net sile te kinnen: der binne altyd genôch skippers mei.
Wy sile wer yn moaie Polyvalken fan Wettersportbedriuw Van der Pol út Heech. De hiele dei binne wy dan op it wetter: de Hegemer Mar, Fluezen, Sleat of wêr't de wyn ús mar bringt. Tusken de middei efkes op in terraske en oan 'e ein wer mei ús allen in hapke ite by de Sinees yn Akkrum. It wurdt grif wer in moaie dei. En dat foar mar sa'n € 15,- de man/frou, it iten net ynbegrepen.
Opjaan kin by Wopke Wobbes of Oebele Brouwer. De dielnimmers krije op 'e tiid oer de mail neiere ynformaasje.
Wopke en Oebele
-
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 31 mei 2026
Beweegbare brug blijft voor Eastermar
De brug over De Lits bij Eastermar blijft beweegbaar. Dat heeft de gemeente Tytsjerksteradiel laten... Fierder lêze »