Image
Op 'e 'valreep' sil it dan dochs heve: in jûn mei livemuzyk foar de jeugd (en elkenien dy't komme wol fansels!) yn kafee 's Lands Welvaren. Punkrock is de ynstek dizze jûn, nei in tasizzing dy't stamgast om utens Karst ferskate kearen dien hat. Op 9 novimber sil it wêze.

De froulju fan CQD sille de jûn begjinne. Dizze famkes út de súdwesthoeke besteane sa'n oardeljier en hawwe al aardich wat live-optredens achter de rêch. Hja meitsje melodieuske punkrock dy't wat tinken docht oan hoe't se it eartiids dienen: simpel, koart en mei in grutte knypeach. CQD hat, neist in live demo, krekt nije studio- opnames makke dy't meikoarten útkomme sille op it Fryske label Crucial Attack. Boppedat begjint dizze jûn de wykeintoer troch Fryslân mei harren labelgenoaten fan Rush'n Attack.
Estate Drama út Burgum bestiet al wat langer, mar is sûnt dit jier pas echt dwaande seadden oan 'e dyk te setten. Yn it begjin fan dit jier kaam einlings, nei in line-upwikseling en in soad tiid, harren demo út. Net ûnder de namme 'Seduce the cat on sunday', sa't se har earst neamden, mar ûnder de nije namme 'Estate Drama'. Net al te lang dêrnei waarden se selektearre troch Freesonica, in organisaasje dy't bands stipet wat optredens, opnames, promoasje ensfh. oanbelanget. In band yn 'e lift dus, en de muzyk is der dan ek neffens. Green Day, Alkaline Trio en Osker binne wat nammen dy't jin te binnen sjitte by har optredens, mar kopiëarje dogge se seker net. De muoite wurdich, wurdt sein.

Rush'n Attack docht it krekt wat rûger as de earste twa bands. Hardcore-punk is harren basis, al nimme hja it sels net al te krekt mei dizze term. Dat se ynspiraasje helje út bands út 'e jierren '80 as Black Flag is wol dúdlik, mar dêrneist hat rock'n roll ek in grutte ynfloed. Se besteane no sa'n twa jier en binne begûn as in Fryske band mei trije Burgumers en in Eastermarder. Nei in jier fan oefenjen en nûmers skriuwe namen se yn septimber 2006 in demo op foar Crucial Attack records. Hjirnei, nei't de bassist ferfongen wie, folgen in soad optredens.
Se binne krekt werom fan in toer troch Europa en hawwe in 7" (jo witte wol, in single) yn 'e planning foar letter dit jier.

Neist boppesteande optredens wurdt der praat oer noch in surprise, dus... reden genôch foar jong en âld om te kommen!
It begjint om 21.00 oere en de yntree is fergees.
Karst Tjoelker

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: