Wy sporte mei ús allen, wy fiere feest mei ús allen, wy ha barrens mei ús allen. Us bern boartsje alle dagen mei elkoar. Mar... de bern geane wol nei twa ferskillende skoallen. De gemeente en beide bestjoeren fan de skoallen (PCBO en OPO Furore) binne der wol oer út: ien skoalle is it bêste foar in doarp as Eastermar. Om ús hinne is der al in oantal 'identiteitsrijke ontmoetingsscholen' skoallen dêr't alle doarpsbern meielkoar hinne kinne. Op beide skoallen hat in jûn west dêr’t de âlden frege waard oft hja ynstimden mei in ûndersyk dat de bestjoeren starte woenen nei de mooglikheid om de Bolster en de Balsemyn as ien skoalle fierder gean te litten. By de Bolster wienen de âlden fóár dat inisjatyf. Op de Balsemyn ha se twa jûnen hâlden en binne se der noch net út. Te min âlden ha de muoite naam om nei ien fan de jûnen ta te gean. En no liket it derop dat der tefolle âlden op tsjin binne. Mei de hjoeddeiske krimp is der mar plak foar ien skoalle. As de Balsemyn as iennige skoalle oerbliuwt, binne der aanst bern dy't nei in oar doarp nei skoalle moatte om’t harren âlden de bern (prinsipieel) net nei it bysûnder ûnderwiis ha wolle. Wy as âlden moatte it eins net safier komme litte dat ús bern en bernsbern aanst net nei deselde doarpsskoalle kinne. 

Janke Hooghiemstra

skoalle

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: