Op âldjiersdei (31 desimber) wurdt der fan 14.00 oant 16.00 oere in 'oaljekoekefeest' organisearre by famylje Mame-Jan Osinga oan de Toerleane 16. Dit is neist de tsjerke op 'It Heechsân'.

oaljekoeken

Elk is hjir fan herte wolkom foar in hearlike oaljekoek of in kop kofje of ranja. It is jo lêste kâns om tsjin de prizen fan 2012 in konsumpsje te heljen... En it wurdt hiel gesellich fansels.

De opbringst fan dizze gesellige middei giet nei byld en lûd yn de jeugdromte fan ‘e doarpstsjerke.

 

 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: