'Buitengewoon Gewoon'
De Reitsma's van Eastermar
met de verwante families
Hoekstra
Veenland
Werumeus Buning
Wiersma
en de Wiersma-Reitsma-Stichting
Dit Hollânsktalige boek fan de hân fan Elle Bosma sil yn febrewaris 2008 ferskine as útjefte fan it Streekmuseum te Burgum.
It giet ûnder mear yn op de skiednis fan de bewenners fan de pleatsen Swartewei 2 (de ‘Grutte Hoarnst’), Boerestreek 2, 4 en 6 (Ald-Stedma), Seadwei 6 en 8, Grutte Hoarnstwei 16 (Nij-Stedma) en de Wiersma-Reitsma-Stifting. Allerhande saken krije omtinken. Sa is besocht de yn de titel neamde famyljes, dy’t allegearre oan inoar besibbe binne, te beskriuwen net allinnich nei harren maatskiplik en tsjerklik oansjen. Ek de tsjinslach dêr’t hja hjir en dêr yn har persoanlik libben mei te krijen hiene, komt oan de oarder. Dêrnjonken kriget de Wiersma-Reitsma-Stifting it nedige omtinken.
Tagelyk mei it útkommen fan dit boek sil yn it Streekmuseum in eksposysje hâlden wurde oer dizze famyljes en de Wiersma-Reitsma-Stifting.
De priis fan dit mânske boek, mei hiel wat nijsgjirrich fotomateriaal, sil sa om de € 30,- lizze. De oplage stiet noch net fêst, mar sil net al te heech wurde.
Ynskriuwe
Om foaral de Eastermarders en de âld-Eastermarders de kâns te jaan in eksimplaar te besetten, wurdt it mooglik makke om foarôf yn te skriuwen op it boek. Ha jo belangstelling, stjoer dan foar 1 jannewaris 2008 namme, adres, postkoade, wenplak en tillefoonnûmer op oan elle@bosma-familie.nl. Jo krije dan yn febrewaris fansels wer berjocht.
De ynhâldsopjefte jout in yndruk hoe’t it boek yndield is.
Jo kinne dizze ynhâldsopjefte 'delhelje' as Word dokumint of PDF dokumint.
-
- Informatie
- 17 mei 2025
Willem Wiersema eerst zilver, later goud op WK zeilen!
Update 11.40 uur: door een wijziging achteraf in de derde wedstrijd staat Willem Wiersema nu eerste... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2025
Kom op zaterdag 17 mei vanaf 13.00 uur naar de Iterstún
-
- Informatie
- 16 mei 2025
Wie maakt de mooiste omslagfoto voor de Marnijs?
Marnijs nummer 54 wordt een jubileumnummer omdat we 10 jaar bestaan.Kopijdatum voor dit jubileumnumm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 15 mei 2025
DUORSUME KLEANBEURS op 16 augustus
Kom mei klean út de kast dy't dy dochs net mear passe nei de duorsume kleanbeurs op sneon (saterdei)... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 september 2023
Eastermarder docht bysûndere waarnimming
As soan fan in bakker waard Elte Martens Beima op 11 febrewaris 1801 yn Eastermar berne. De dûmny fa... Fierder lêze »