Al hiel wat jierren hawwe der yn Eastermar frijwilligers aktyf west foar de jierlikse kollekte fan it KWF.
We hawwe besletten om te stopjen mei it organisearjen fan dizze wichtige kollekte. It KWF wol de kollektebus hielendal net mear brûke en fan no ôf allinnich mei in QR-koade oan de doar jild ynsammelje.
Dat fine wy hiel spitich: in part kin wól betelje mei de mobyl, mar in hiel grut part ek net. Boppedat soene wy fan al ús kollektanten gegevens opstjoere moatte nei it KWF, dan soe elk in koade krije en dêrmei by de doar del. Der binne hiel trouwe kollektanten dy't al jierren by de doar lâns gean en dy't net mei soksoarte saken omgean kinne. (Ek in diel kin dat wol fansels.)
It sil de takomst wêze, mar wy stopje dermei, krekt as in hiel soad doarpen yn Tytsjerksteradiel, hoe belangryk't dizze kollekte ek is.
Grutte 'boosdoeners' binne neffens it KWF ek de banken dêr't jo hast gjin kontant jild mear ôfstoarte kinne.
Wy fine it spitich mar it is net oars.
Sietske, Tjitske en Hetty
(Is der ien dy't it wol sitten sjocht om dizze kollekte te organisearjen dan graach fansels.)
-
- Informatie
- 18 juli 2025
Kledingmarkt met een kleedjesmarkt voor kinderen
Zaterdag 16 augustus 2025 van 11.00 – 14.00 uur, de Kjellingen Kom je ook naar onze gezellige tweede... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 06 juni 2025
Doarpsbelang freget jo help foar de nije doarpsfyzje
Eastermar moat in nije doarpsfyzje hawwe. Mar wat is dat eins, in doarpsfyzje? Dat is in plan dêr’t... Fierder lêze »