Yn de Bloeiwike krije wy de kâns om de Fryske Wâlden op in bysûndere manier te belibjen: mei in jûnswandeling troch it prachtige lânskip by de pleats fan Pier Jan Boersma.
De rûte fiert ús lâns paden tusken de karakteristike beamwâlen troch. De rûte is dúdlik markearre, mar eins is it lânskip sels al in útnûging om fierder te gean. Efter elke beamwâl wachtet wer in oar stikje fan de Wâlden.

Wa't rêstich rint en goed om him hinne sjocht, kin samar in ree tusken it grien ûntdekke. Underweis klimme wy oer hekken en ûntdekke wy dat kuierjen hjir ek boartsjen en belibjen betsjut. Midden yn it lânskip hinget in skommel. Efkes alles loslitte, heech boppe it gers, wylst de jûnslucht om ús hinne hinget. In lyts aventoer op in ûnferwachte plak.

Fierderop is in rêstplak dêr't wy delstrike foar in picknick. De drokte fan de dei liket fier fuort. It wurdt stiller, it ljocht wurdt sêfter en de natuer nimt stadichoan de jûn oer.
Krekt dat makket dizze kuier sa moai. Wy hoege net fier fuort om it lânskip op 'e nij te ûntdekken. De beamwâlen, de greiden, de paden, de bisten en de lytse ferrassingen ûnderweis litte ús de Wâlden mei al ús sinnen belibje.

De Bloeiwike jout dêr noch wat ekstra's oan: mei-inoar bûten wêze, genietsje fan it lânskip en ûntdekke wat der ticht by hûs allegear te belibjen is.
Fan saterdei 8 augustus oant en mei snein 16 augustus leit de rûte der foar elkenien dy't dit sels belibje wol en start tusken Seadwei 3 en 10.
Rin rêstich. Sjoch goed om dy hinne. Klim oer in stek, swaai efkes op 'e skommel en sykje in moai plakje foar in picknick.
Want wa't de tiid nimt, ûntdekt hoe bysûnder de Wâlden binne.

Freerk de Hoop

 

waldenrute

waldenrute2
 

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: