Eastermarder garaazjeferkeap smyt moaie ferhalen op.
Ek dizze kear die Jantsje wer mei oan de grutte garaazjeferkeap fan saterdei 29 maaie, de opbringst fansels foar Famtofam. "It wie in prachtige dei. In soad minsken kamen by ús op it hiem om al of net wat by te dragen oan it wurk fan Famtofam. En dan binne der soms nijsgjirrige foarfallen te belibjen. Sa ried oan 'e ein fan de moarn in frou yn in lytse ‘scootmobiel’ by ús it hiem op en spruts my oan mei de wurden: “Ik heb geen idee waar ik ben en ik ben mijn man, de auto en mijn Keulse pot kwijt." Ik frege har wat se it measte misse soe. Sy tocht noch gjin tel nei en sei: “Dat ga ik u niet zeggen.” De toan wie set en it begjin fan in moai avontoer:
- Hja wennen noch net sa lang yn Feanwâlden en kamen earder út it westen fan ’t lân. Sy wienen foar de earste kear yn Eastermar en seagen har de eagen út, sa moai fûnen sy it hjirre.
Sy soe de Keulse pot ophelje dy’t hja - wêr ek alwer? - kocht hienen. Har man soe op har wachtsje by de auto. Mar ja, no wie sy it paad folslein bjuster. Wêr hie sy dy Keulse pot ek alwer kocht? Ek gjin idee wêr't har man mei de auto stie. Sy hie har telefoan net meinaam, har man wol. Op myn fraach om it telefoannûmer fan har man sei sy dat sy dat spitigernôch net mear wist. Ik frege wat foar auto't hja hienen. "Ik weet alleen dat hij een rood-bruine kleur, 4 wielen en een toeter heeft." Het merk dan? “Geen idee, ik heb er geen verstand van. Oh ja, midden in het kenteken staat de letter F. Dat weet ik want daarboven zit de knop waarmee ik de klep open krijg."
Sy hie ergens by ien fan de garaazjes een Keulse pot kocht. Ik frege wat oanwizings om dy garaazje fine te kinnen. Sy sei: “De meneer is een lange man en hij spreekt Nederlands. Hij is in 1998 in het dorp komen wonen." Dan soe ik wol witte wa’t dat wie. Oh ja, de garaazje stie in bytsje fan de wei ôf. Ek hie sy it noch oer “een smal straatje”. Ik sei tsjin har dat it raar wêze soe as ik har net - mei de Keulse pot - wer by har man krije soe.
Wy tegearre op 'en paad: Sy yn har scootmobyl en ik dêrneist, rinnend. Ik tocht: earst mar ris op de Skoalstrjitte (smal straatje) begjinne. Oan de ein fan it paadsje fan Sytskelân nei Skoalstrjitte seach ik dat Albert Kieft ek meidie en ik tocht: dit kin net misse. Ik rôp nei Albert: ‘Keulse pot!’. “Ja, ik zal hem even pakken”, sei er. Dat wie dus raak. En doe sykje om dy man mei syn read-brune auto. Hja op har scootmobyl en ik rinnend mei de Keulse pot ûnder de earm. Skoalstrjitte út, stikje Hôf, Harstepaed, stikje E.M. Beimastrjitte, nergens in read-brune auto mei in man deryn. Ik tocht: dit moat al oars, aanst de batterij fan de scootmobyl leech en gjin sicht op in oplossing. Dus wy werom nei ús hûs en de frou oan in bakje kofje.
Ik op ‘e fyts it doarp wer yn. Op de Lytse Teije Tol seach ik in auto dy’t foldie oan read-brún en in F midden op de nûmerplaat. Mar gjin man te bekennen. Dy moat op it terras sitte, tocht ik. Ik op myn fyts it terras op, dat aardich beset wie. Dêr yn ‘e hoeke by Raimundo seach ik in man sitten mei in lekker boardsje patat foar him. Ik spruts hiim oan. "Hebt u een donkerrode auto?" Ja, dy hie er. "Heeft uw kenteken een letter F in het midden?" Dat hie er ek. "Hebt u een vrouw die zich verplaatst met een scootmobiel?" Ek dêrop wie it antwurd: ja. "Dan bent u degene die ik zoek", sei ik. Ik fertelde him dat syn frou it paad bjuster wie en by ús siet. Hy frege oft er meirinne moast om syn frou op te heljen. "Nee, eet u uw patat maar op, dan haal ik uw vrouw." Dy siet noch altiten lekker oan de kofje, dus dat duorre noch efkes. Doe’t hja de kofje op hie gienen wy wer op stap: de frou yn de scootmobyl en ik mei de Keulse pot ûnder de earm. Op nei ’t Breed.
Doe’t wy op ’t Breed oankamen seach ik dat de man krekt it terras ferlitten hie en hast oan de Lytse Teije Tol ta wie. Ik tocht: blinder, no moat er my net ûntkomme! Dat ik yn in sprint (mei Keulse pot) oer it terras stowe. Sa kamen hja dochs wer byelkoar. De man wie lakonyk. “Ik dacht: het is hier niet zo groot, dus ze komt wel weer opdagen”. Mar hja siet gâns yn de stress en fielde har net op har gemak. In pear kear rôp sy ûnder ús tochtje troch Eastermar: “Ik schaam mij dood!” Ik sei dan dat dat net hoegde en dat it hjir normaal is dat minsken elkoar helpe as dat nedich is.
De ein fan dit aventoer tusken him en har wie foar de hân lizzend (en werkenber) doe’t hy tsjin har seit: “Zou je de volgende keer dan tóch maar je telefoon meenemen?” Dêr wie hja it o sa mei iens.
It wie in nijsgjirrich foarfal op in moaie dei dy’t ek foar Famtofam osa slagge is. De jûns koe Jantsje (fer)telle dat de opbringst foar Famtofam mar leafst € 240 wie en dat is best in hiel soad. Alle begeunstigers tige tank foar jim stipe.
Elle Hoekstra
-
-
-
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »