Sneon 15 maart. De temperatuer is in bytsje maytydseftich. Jo wisten it miskien net mar hjoed wie it iepen dei foar fûgelpearkes. Yn en om Eastermar koene de ferskate gegadigden omsjen en de frijsteande nêsten ynspektearje. It wie in drokte fan belang. It iene pearke alhiel optein oer it oanbod, oare pearkes litte dochs de opsje fan nijbou yn harren omgean. In pear ljippen hawwe de mooglikheden op de Komerk besjoen mar lutsen al gau harren konklúzje: te wiet. Letter hawwe hja tusken de Achterwei en de Burgumer Mar in kreas plakje fûn.
De 'nêstebouferiening Eastermar' wie bliid mei alle drokte. Sels ûnderkommens dy 't de lêste jierren mei leechstân te krijen hienen, stienen yn de belangstelling. In earebarrepearke oerweaget harren nei wenjen te setten ticht by it doarp en hat in opsje nommen op in nêst foar de Teye Tolstrjitte oer. Bang foar konkurrinsje binne hja net. "Der binne fierders gjin gegadigden, dus wie kinne der noch rêstich in nacht oer sliepe foar dat wy de sprong aventoerje. It doarp liket ús fierders wol aardich, wy hawwe der goeie ferhalen oer heard. It nêst is noch wol wat in keale boel, der moat in protte barre foar dat wy der op kinne." aldus it echtpear dat op dit stuit húsmannet by Earnewâld. De bewenners fan de Teye Tolstrjitte hawwe al witte litten dat it echtpear tige wolkom is. "Der is fêst noch wol in subsydzjepotsje, wat it oanklaaien fan it nêst oanbelanget", aldus de bouferiening, dy 't graach dit 'boppekommen' wer bewenne hawwe wol.

-
- Informatie
- 22 maart 2025
Algemene Ledenvergadering 2025 Doarpsbelang Eastermar
Op dinsdag 15 april is de Algemene Ledenvergadering van Doarpsbelang Eastermar. U bent hierbij van h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 maart 2025
Oprop: wie heeft grond voor Grûn?
Op 17 mei wordt in Leeuwarden de openingsparade Grûn gehouden van Arcadia 2025. Er wordt dan grond r... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze »