eastermar
tusken wytfean
mar en heechsân
leit in stjer fan grien
de linebeammen
oan it wâltsje
flústerje ferhalen
oer broekophâlders
feanterij en oer
dy toer
allinnich
in hiel stik
fierderop
wetter, greide
beammen
alles ûnder ien
blau dak
postkoadelot of net
hjir smûk tusken
de marren
fiele wy ús
allegearre ryk
Elbrich Vreeling
1-10-2020
Oar doarps- en ferieningsnijs:
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
Ek nijsgjirrich:
-
- Informatie
- 01 november 2020
Oade oan Meerzigt
Oantinkens oan bysûndere momintenoan gearkomsten, feestjes, barrensoan yoga, teater, muzykoan moetin... Fierder lêze »