Nei in suksesfolle garaazjeferkeap yn 2020 tinke wy dat dit wol wer oppakt wurde kin.
De datum is al fêstlein, 29 maaie fan 9.30 oant 15.00 oere troch it hiele doarp, it bûtengebiet Heechsân en 't Wytfean.
De earste 20 'garaazjes' hawwe har al oanmeld, mar wy gean fansels foar in hiel soad mear oanmeldingen. Foarich jier wiene dat sa’n 50 adressen.
Jim kinne jim oant 15 maaie oanmelde, de organisaasje soarget foar PR en set jimme op de rûte.
Dêrneist soe it moai wêze wannear't der wat punten binne dêr't foar in hap en snap soarge wurdt. Dat kin fan alles wêze: kopke kofje mei wat lekkers, in komke sop, pankoeken, ensfh. De opbringst is foar jimsels.
It moat allegearre coronaproof, mooglik binne de maatregels dan wat ferromme. En wy hoopje op knap waar.
As alles wat mei sit, dan kin dit wer in hiel moaie Eastermarder dei wurde!
Opjaan kin by Tjitske Zeilstra ( zeils55@outlook.com), Hetty Kramer (a.kramer42@chello.nl) of by Alles ûnder ien dak.
Us Facebookside is https://www.facebook.com/groups/361701935010450
-
- Informatie
- 22 maart 2025
Algemene Ledenvergadering 2025 Doarpsbelang Eastermar
Op dinsdag 15 april is de Algemene Ledenvergadering van Doarpsbelang Eastermar. U bent hierbij van h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 maart 2025
Oprop: wie heeft grond voor Grûn?
Op 17 mei wordt in Leeuwarden de openingsparade Grûn gehouden van Arcadia 2025. Er wordt dan grond r... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 27 februari 2025
Lekker koken voor een prikkie
Koken voor een prikkie komt naar Eastermar! Samen koken voor jong en oud. Kom gezellig meedoen, meek... Fierder lêze »