Edou Ritsma, Minne Okkema en Eit Jonkman hellen mei har www.asapforlife.nl -team al ferskate regionale kranten en Omrop Fryslân fanwege har fabuleuze fytstocht. Yn it eigen Eastermar is al in pear kear berjochte oer harren doel. Dit gie benammen oer it binnenheljen fan donaasje- en sponsorjild. It doel wie om € 15.000,- byelkoar te krijen foar 'Artsen zonder Grenzen'. Der is op dit stuit al aardich wat jild ynsammele en it doel is dik helle!
No komt, nei in lange tiid fan tarieding, trainen en jild ynsammeljen, ús ding: in Grenzenloze tocht. De www.tourforlife.nl.
Fan 1 o/m 8 septimber fytse
Fytse fan Itaalje nei Nederlân, 1250 kilometer, mei in hichteferskil fan 20 kilometer.
De fytstocht giet oer in stik as 20 bergen as de Lautaret, Alpe d'Huez, Madelaine, Col de Ballon en sa mear. Alle dagen moarns betiid starte. De earste en lêste dei is de fytsôfstân sa'n 110 km. Mar der binne ek dagen fan 220 km oer hege bergen! Alle dagen is der by de finish in spesjale camping foar ús ynrjochte. De oare deis giet it wer fierder. Fan Itaalje nei de Frânse Alpen, in stik Switserlân, Dútslan, nochris troch Frankryk, Lúksemboarch, België en dan oer de einstreep; snein 8 septimber is de finish op de Cauberg by Valkenburg.
Folgje dizze mannen en harren prestaasjes op de
webside www.asapforlife.nl
Twitter: @asapforlife
Facebook: https://www.facebook.com/ASAPforLife
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF