Op 10 oktober organisearje wy in garaazjeferkeap. Men kin him oant en mei 1 oktober opjaan by Tjitske Zeilstra zeils55@outlook.com en by Annet Westerhof Annethamstra@live.nl Wy soargje foar in plattegrûn mei alle adressen, ûnderweis is der hjir en dêr kofje of oar lekkers te krijen/keapjen. Coronaproof fansels, net mear as 6 minsken op it hiem, en elk adres soarget foar eigen hânalkohol.
It soe ús moai talykje as der hjir en dêr ek wat muzyk te belústerjen is. Derom in fraach oan Eastermarder talint of muzikanten om in setsje te spyljen yn eigen tún /hiem. Dêrnei mei de pet rûn of in fisknetsje y.f.m. de oardel meter; smyt it ek noch wat op. Jou jim op, wy nimme jim adres en tiidstip fan spyljen mei yn de plattegrûn. De organisaasje op dat mêd is wol hielendal foar jimsels. It is koart dei mar wy tinke dat as it ergens kin dan is dat yn Eastermar wis mooglik!
Alexandra, Tjitske, Tjitske, Annet, Fokje, Ciska en Hetty
-
- Informatie
- 18 juli 2025
Kledingmarkt met een kleedjesmarkt voor kinderen
Zaterdag 16 augustus 2025 van 11.00 – 14.00 uur, de Kjellingen Kom je ook naar onze gezellige tweede... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 14 juni 2023
Eastermarder garaazjeferkeap
We soene in jier oerslaan, mar om't der toch in soad fraach nei is, wolle wy op saterdei 16 septimbe... Fierder lêze »