Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar
Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjonger Lytse Hille, sûnder sigaarsmookwedstryd. Ik wie it smoken al hast ferleard. Mar einlings kin it fjoerke wer brâne. Sûnder euvelmoed sykje ik in plakje op it poadium op in net al te wibelich stuoltsje, skean ûnder it buordsje Smoken ferbean. Sûnder euvelmoed lit ik my de feestsigaar oanstekke troch Jelle en wurdt der in fergees pilske foar my delsetten troch Hindrik. Sûnder euvelmoed sakje ik yn de noch altyd fertroude konsintraasje fan in foarsichtich haaltsje oan ‘e sigaar, in swolchje bier (om de lippen ôf te kuoljen) en it stille stoarjen nei de feestfierders dy’t harren opstoke litte troch Lytse - waar zijn die handjes - Hille.
Hy is krompen. Nee, net de sigaar. Mar Lytse Hille. Nei trije jier sjocht men de ferskillen better dan yn it fertroude ritme fan alle jierren in kear. Letter hear ik dat er bot ôffallen is. Sjochst wol, ik bin en bliuw in observator, in notysjeman.
Hawar, de sigaar. De keunst is jo net ôfliede te litten troch grapkes fan buorman - Hoe'st mei de smokerij? - Jan of de himelske blikken fan in tefreden smookster fierderop. Alles draait yn dit healoerke mar om ien ding: de jiske. It earste kertier giet noch. Dêrnei moatst ûnderút sitten gean. De hân mei de sigaar moat op in bepaald stuit sa ticht mooglik by de mûle bliuwe. Dus ûnderút en de earm op it boarst, dat is myn taktyk. Eltse beweging, elts triljen, elts siichje kin fataal wêze. Dan is’t gjin spultsje mear mar in grouwe, 15 sintimeter lange jiskekegel dy’t omdonderet op eigen kop. En soks is letterlik gjin gesicht.
Jierren lang haw ik my de sigaar oanstekke litten troch dûmny Wim Stougie. It wie syn fêste putsje op it doarpsfeest. Seachst him genietsjen. Hy hie der bot aardichheid oan. Hy twittere in soad, ek altyd oer it doarpsfeest. Sette de merke, rjocht foar syn hûs oer, op tongersdeitemiddei mei in protte leven útein, dan tweette Wim: En we zijn begonnen!
Hy wie de digitale doarpsomropper fan Eastermar. Wim libbet net mear mar kinst syn tweets noch altyd lêze. Sa bliuwt er dochs in bytsje ûnder ús.
In moai skoftsje sit ik goed yn de wedstryd. Lit my net fan de wiis bringe. Mar dan ynienen is ’t dien. De kegel trille al wat. Dy lêste haal wie dus fataal. Jiske oer de noas, it kin, de klean. In hastich ôfklopjen en oerein. De saakkundige sjuery, Evert en Halbe, komme del mei in digitale skúfmaat om it stompke op te mjitten. Of yn myn gefaltsje: de stomp.
Myn buorman Michel smookt himsels alle jierren yn ‘e prizen. Ik noch nea. Dat freget om in ferklearring mar dy is der net. Der moatte domwei ek middenmotors wêze. Oars binne der gjin winners. Sa’n spultsje is ’t.
As treast mei ik justjes letter de beker even fêsthâlde. It binne altyd sympatike minsken dy’t de sigaarsmookwedstryd winne. Dy gunne in oar ek in feestje. Ik hie de beker graach foar’t rút sette wold lykas in goeie keatser de oerwinningskrânse oan ‘e doar spikeret. Sjoch, hjir wennet in winner. Dat is ek de reden wêrom't ik eartiids, lang ferlyn Winnersjek smookte. Jo wolle ommers gjin loser wêze.
In pear dagen nei it doarpsfeest. Ik krij ferskynsels; de holle fjoerhjit, it grutte hoastjen set útein. Ik bin de klos, ik bin de sjaak, ik bin de sigaar!
"Witst' wa’t dy besmet hat?", wurdt my frege. Ik doch myn eigen kontaktûndersyk en fyn al gau-eftich de boarne. Want it is sa, it Eastermarder doarpsfeest is in feest fan tradysjes. Dus eins neat oan it programma sil feroare wurde. In oar merk bier, in oare sjonger op sneontemiddei: dat kin samar net. Al jierren is it soarte sigaren dêrom ek fêste prik. Dy moatte perfoarst altyd itselde type wêze: Corona.
Rienk Vlieger
It byldferslach fan it sigaarsmoken fine jo hjir.
-
- Informatie
- 01 oktober 2024
Eastermar is...
...goed oppasse foar Bijke's op 'e Heidbuertwei! Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2024
Drie Eastermarder talenten op een rij
In de afgelopen dagen werd zeiler Willem Wiersema (opnieuw) Nederlands kampioen in de ILCA7, kreeg E... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 18 september 2024
Bridgelessen yn it Mienskipshûs
Nei oanlieding fan de workshop bridgen yn de EA Bloeiwike sille der yn de kommende winter bridgeless... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'de Broekophâlder'