Update: fanwege de coronamaatregels giet it Beachbarren spitigernôch net troch.
It Beachbarren is ien fan de moaie tradysjes yn Eastermar. Smyt in bulte sân op it Breed, meitsje in tal fjilden, de organisaasje yn in gek Hawaïshirt, de bal yn it fjild en spylje.
Ferline jier koe it troch Corona net trochgean. Mar der stiet no neat mear yn de wei om it dit jier wer te hâlden. Wy binne útkaam op saterdei 21 augustus fan in oere of twa ôf.
Op oare plakken yn it doarp is it miskien nofliker te organisearjen, mar wy wolle op it Breed bliuwe. Dêrom ferskowe wy, yn oerlis mei de hoareka, in tal betonblokken en dan moat it mooglik wêze om twa fjilden yn te rjochtsjen.
Dus: helje wer in team by elkoar (14+ en minstens twa froulju yn it fjild), betink in namme en benaderje ien fan de Beachboys en set jimme op de list. 16 teams is sa’n bytsje de maks en fol is fol, dus wachtsje net te lang.
Wy rekkenje op in moai toernoai.
Cor, Hans, Molle en Oebele
-
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze »