×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden
bordburgumermar

Yn de BREEDút fan septimber 2008 stie dizze  foto (makke troch Rienk Vlieger) fan it troch de provinsje pleatste boerd by ús swimplak oan ‘e Burgumer Mar. Oei, wat in missers!

Sûnt 1989 wenje wy yn Eastermar, is de namme fan ús gemeente Tytsjerksteradiel en hat de provinsje séls yn 2007 alle wetternammen ferfryske. It is no de Burgumer Mar...


De provinsje wol de ynwenners fan Fryslân ferliede om mear Frysk te brûken.
Dêrfoar is it budzjet foar taalbelied mei € 300.000 ferhege nei € 405.000! Mei dat jild wol de provinsje it Frysk ‘sichtberder meitsje op 'e dyk'. Mar kloppet dat stribjen wol mei it Frysk dat de provinsje séls op de buorden ‘op en oan ‘e dyk' set?

Doe't de FNP der yn de gemeenteriedsgearkomste fan 25 septimber 2008 op wiisde dat dit boerd no net fuort in foarbyld is foar it konsekwint útfieren fan it eigen provinsjale Fryske taalbelied, reagearre de krekt op ‘e nij foar seis jier beneamde boargemaster fernuvere en stelde dat it boerd fuort de oare deis ferwidere wurde moast! Dit raasde oan de protters. Aksje!

Harkje hjir.

Wethâlder Houkje Rijpstra, dy't ‘Frysk' yn 'e portefúlje hat, wie it folslein mei Polderman iens dat der aksje nei de provinsje ûndernommen wurde moast.

Mar, ein desimber, in fearnsjier letter, wie der fan weiheljen en aksje! noch gjin sprake.
Doarpsgenoat Wijbe Postma, riedslid, hat doe op eigen manneboet én risiko it
boerd ferwidere en it op de riedsgearkomste fan 29 jannewaris letterlik ynbrocht as punt op ‘e aginda.
Hjir nijsgirrich artikel fan Nijsnet


 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe