'Buitengewoon Gewoon'

De Reitsma's van Eastermar
met de verwante families
Hoekstra
Veenland
Werumeus Buning
Wiersma
en de Wiersma-Reitsma-Stichting


Dit Hollânsktalige boek fan de hân fan Elle Bosma sil yn febrewaris 2008 ferskine as útjefte fan it Streekmuseum te Burgum.

It giet ûnder mear yn op de skiednis fan de bewenners fan de pleatsen Swartewei 2 (de ‘Grutte Hoarnst’), Boerestreek 2, 4 en 6 (Ald-Stedma), Seadwei 6 en 8, Grutte Hoarnstwei 16 (Nij-Stedma) en de Wiersma-Reitsma-Stifting. Allerhande saken krije omtinken. Sa is besocht de yn de titel neamde famyljes, dy’t allegearre oan inoar besibbe binne, te beskriuwen net allinnich nei harren maatskiplik en tsjerklik oansjen. Ek de tsjinslach dêr’t hja hjir en dêr yn har persoanlik libben mei te krijen hiene, komt oan de oarder. Dêrnjonken kriget de Wiersma-Reitsma-Stifting it nedige omtinken.

Tagelyk mei it útkommen fan dit boek sil yn it Streekmuseum in eksposysje hâlden wurde oer dizze famyljes en de Wiersma-Reitsma-Stifting.

De priis fan dit mânske boek, mei hiel wat nijsgjirrich fotomateriaal, sil sa om de € 30,- lizze. De oplage stiet noch net fêst, mar sil net al te heech wurde.

Ynskriuwe
Om foaral de Eastermarders en de âld-Eastermarders de kâns te jaan in eksimplaar te besetten, wurdt it mooglik makke om foarôf yn te skriuwen op it boek. Ha jo belangstelling, stjoer dan foar 1 jannewaris 2008 namme, adres, postkoade, wenplak en tillefoonnûmer op oan . Jo krije dan yn febrewaris fansels wer berjocht.

De ynhâldsopjefte jout in yndruk hoe’t it boek yndield is.
Jo kinne dizze ynhâldsopjefte 'delhelje' as docWord dokumint of pdf PDF dokumint.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe