meerzigt

Oantinkens oan bysûndere mominten
oan gearkomsten, feestjes, barrens
oan yoga, teater, muzyk
oan moetings op it terras
dêr, op ‘e hoeke fan de Beimastrjitte
it koe allegear yn Meerzigt

Fleurigens op donkere sneintemiddeis
gesellichheid op lange winterjûnen
it flirtsjen mei in gleske en in laits
in bytsje glitter en glamour
yn ús eigen, lytse doarp
it koe allegear yn Meerzigt

Tink ik werom oan de waarmte
it noflike byinoar wêzen, it petear
tink ik werom oan ‘e gelokkige mominten
fan gelokkige minsken
it gelok fan Eastermar
it koe allegear yn Meerzigt

Muzyk och sa bekend
of noch nea earder heard
soms treurich, by tiden opswypkjend
lit ús dûnsje, jawis, lit ús dûnsje
sjonge of neontsje, stikem yn josels
it koe allegear yn Meerzigt

Ferstrûpe foar in moaie middei
of in jûn dik yn’t feest
mei hapkes dy’t sa hearlik wei-ite
en drankjes dy’t sa noflik weiglydzje
mei minsken dy’t inoar spontaanwei in gleske oanbiede
it koe allegear yn Meerzigt

De holle tsjok mei oantinkens oan
it Paradiso, Hilton en Carré fan Eastermar
de bitterbaltsjes en de bitebaltsjes
de drûge wyntsjes en it Belgysk bier,
hearkens ja, wy keapje der noch ien
it koe allegear yn Meerzigt

In gearkommen, in ôfskied, in feest
tropfol, ôfladen mei minsken
fol ferwachtings fan wat komme sil
de foarsitter, de sprekker, de sjonger, de artyst
yn earsten is’t mûsstil en dan... applaus
it koe allegear yn Meerzigt

Wat hie’k stommegraach wold
dat it nea ophâlde,
foar altyd trochgean soe
it geroezemoes foar altyd te hearen wêze soe
dêr, op ‘e hoeke fan ‘e Beimastrjitte
want it koe ommers allegear yn Meerzigt

Anne en Christiaan, útbaters
wat binne wy grutsk
in djippe bûging
petsje ôf
mar tige, tige spitich
wy sjogge inoar nea wer yn Meerzigt

It giet jimme ferhipte goed!

RV

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen