5 maaie 2020. In dei om thús te bliuwen yn stee fan, lyk as oare jierren, op ‘e swalk te gean. Hjoed fiere wy 75 jier frijheid. It coronafirus helpt in bytsje ús te realisearjen hoe grut de betsjutting fan frijheid yn wêzen is.

Begjin 2020 skreau ik in koart ferhaal oer Wisse, in mantsje fan kwalik 10 jier âld. De Thunderbirds binne syn helden. Der oerkomt Wisse op befrijingsdei in grutte ramp mar Scott Tracy en syn maten binne der net om Wisse út de brân te helpen. Dan komt der help út ûnferwachte hoeke.

It is twa moanne lyn skreaun yn it ramt fan dy 75 jier frijheid, yn pree-coronatiid. Doe’t it organisearjen fan in optocht op Befrijingsdei bygelyks gjin probleem wêze soe. Hoe bizar is it dat op 5 maaie 2020 de wrâld der folslein oars hinne leit.

5 maaie 2020. In dei om thús te bliuwen. En dêrom miskien wat tiid oer foar in koart ferhaal.

Klik hjirre om it ferhaal Wisse’s wrâld lêze te kinnen.

Rienk Vlieger

Wisse's fyts

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen