Sa’t de Eastermarders witte ha wy in goed ûnderhâlden fuotbalkoai by it Harstepaed. Dêr wurdt in soad gebrûk fan makke troch de skoalbern en oar sportyf jongfolk. Dizze akkomodaasje - en de omjouwing - wurdt op oarder hâlden troch de Behearsgroep Fuotbalkoai. Dêr wurdt serieus wurk fan makke.

It is dan ek om moedeleas fan te wurden om op nijjiersmoarn te ûntdekken wat ûnsportyf ynstelde doarpsgenoaten dien ha. Dizze fandalen fûnen it nedich om mei swier fjoerwurk te sjen hoe sterk't de ôffalbak by de koai is. Sjoch de foto’s en konkludearje dat it dochs net allegearre sa feestlik wie by de jierwiksel yn Eastermar.

De Behearsgroep Fuotbalkoai sil ta de beurs moatte foar de oanbrochte skea. Oer de fjoerwurkrotsoai ha wy it dan noch net!

It frustrearjende is fral dat der by soksoarte doelleaze fernielingen gjin namme of melding achterlitten wurdt. It is dus net mooglik om de fernielers of har âlden der finansjeel op oan te sprekken. Wy sille it no út eigen bûse betelje moatte. Dat jild hienen wy leaver bestege oan de fuotbalkoai en aktiviteiten dêromhinne foar ús jeugd.

(En nee, hjir binne wy net foar fersekere. Soks ferwachtsje je net fan doarpsgenoaten...)

De Behearsgroep Fuotbalkoai

nijjiersferrassing

nijjiersferrassing2

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe