Bêste ynwenners fan Eastermar,

Hawwe jo it idee dat je al earder fan ’e Lânskipssymfoany heard hawwe? Dat kin klopje, want foarich jier is de earste start makke. Der binne wat strubbelingen west, mar no pakke wy it mei frisse enerzjy wer op. En wy hoopje dat jo mei ús mei dogge!

Op 30 juny 2019 spilet de proeve fan ’e Lânskipssymfoany as in opmars foar Lânskipssymfoany yn 2020, in muzikaal mearke dat him ôfspilet yn it kûlisselânskip fan ’e Noardlike Fryske Wâlden, om de Lytse Seadwei hinne yn Eastermar. Lânskipssymfoany is in gearwurking tusken ûnder oaren de Noardlike Fryske Wâlden, Fanfare Joost Wiersma en in spesjaal foar dizze gelegenheid oprjochte projektkoar. Lânskipssymfoany giet oer hoe’t we ús lânskip sjogge en wurdearje. 

No kin dit fansels allinich mei in goeie groep minsken dy’t graach by ús oanslúte. Dêrom wolle wy jimme fan herte útnûgje foar de ynformaasjejûn op 20 maart om 19.30 yn de Hege Stins yn Eastermar.
Dêr sille wy de ideeën op it gebiet fan regy, muzyk en foarmjouwing foar de proeve fan ’e Lânskipssymfoany oan jimme presintearje, ûnder it genot fan in hapke en in drankje. 

We sykje minsken foar:

  • Projektkoar (repetysjes woansdeitejûnen fanôf maaie)
  • Kostúmploech (útfiering yn perioade heal april - heal juny, planning yn ôfstimming mei wa’t yn dizze groep komme)
  • Dekôrbouploech (útfiering yn perioade heal april - heal juny, planning yn ôfstimming mei wa’t yn dizze groep komme)
  • Kofjeskinkers en broadsjesmarders (by repetysjes en útfieringen, skema folget)
  • Ferkearsregelders (by útfieringen)
  • Teatrale publyksbegelieding (by repetysjes en útfieringen, skema folget)
  • Oare entûsjastelingen

Oan ’e ein fan ’e presintaasje kin elk, dy’t der sin oan krige hat, him of har opjaan foar in groep.  

Ek as jo gewoan nijsgjirrich binne nei de plannen. Kom gerust del op 20 maart om 19:30 foar de presintaasje, in hapke en in drankje yn de Hege Stins, Torenlaan 12-14, 9261 VZ Eastermar.

Wy hoopje jimme dan te sjen, hertlike groetnis,
Jan-Willem van Kruyssen (projektlieder), Geartsje van der Zee (senografy) en
Janneke de Haan (regy)

Sjoch foar aktuele ynformaasje: https://www.facebook.com/LandschapsSymfonie/

lanskipssymfony

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe