Saterdeitemiddei  24 augustus bellen 3 famkes by ús oan. It wienen Douwina Snip, Alyke Sipma en Esmee Bies (sjoch taheakke foto). Hja binne 11 jier en hienen it folgjende boadskip: “Wy wolle hjoed by de doarren lâns om jild op te heljen foar in goed doel. En wy hienen tocht om dat te dwaan foar FamtoFam. Fine jim dat goed?”. Fansels fûnen wy dat goed en wy ha de famkes in kollektebus jûn en wat folderkes oer FamtoFam. En dêr gienen se. Healwei de middei seagen we de famkes wer. No wie Esmee der net mear by mar hie Justine van der Veen har plak ynnaam. It wie  waarm dus earst mar efkes wat drinke by ús efterhûs fansels. De froulju wienen tefreden oer it ferrin fan de aksje oan no ta en hja hoegden eins nergens in karweike te dwaan om oan sinten te kommen. Minsken joegen spontaan wat jild. It wie al hast 6 oere doe‘t hja klear wienen.  Doe jild telle fansels. It die bliken dat hja € 32,55 ophelle hienen foar FamtoFam. Samar, spontaan, op in moaie saterdeitemiddei. Prachtich. Binne wy bliid mei. Tige tank, út namme fan al dy bern yn Armenië dy’t ús help o sa nedich ha.

aksje famtofam

famtofam

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe