×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

Der binne fan dy dingen dy moatst ris in kear dien ha. Al wie it allinne mar om it letter oan dyn pake- of beppesizzers fertelle te kinnen. Sa wolle wy mei in ploechje mei de racefyts de Alpe d’huez beklimme.
It giet om 'e wille mar fansels wol mei in searieus doel. It leit yn ’e planning om dit yn 2012 yn wike 24 (11 oant 17 juny) of yn wike 38 (17 oant 23 septimber) te dwaan. Wy hawwe noch efkes de tiid mar wy moatte wol oan it wurk, kilometers frette, ôfsjen en boppe alles wille oan it fytsen krije. Wa’t mei dwaan wol of ynteressearre is, kin by Eit Jonkman, Allard Tadema of Sytse Wilkens terjochte. It doel is om begjin septimber stadichoan te begjinnen.

Earst sille wy ris by elkoar komme om ien en oar troch te praten: tarieding, treningsopbou, sportiten en -drinken, materiaal, klean en fierdere saken.Wy hawwe no in peloton fan sa’n 10 minsken mar der kinne fansels altyd mear by.
Belangstelling? Kom ris del by ien fan ús trijen. (Sytse: 0512-331099)


alpeduez2alpeduez3alpeduez1

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe