×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

IEPENLOFTSPUL BURGUM SPILET

De simmer fan 45 in oangripend ferhaal oer (ûnberikbere) leafde en echte freonskip.
Op: 3, 5, 9, 11, 15 juny 2010 om 21.15 oere 
Op: 12 juny om 22.00 oere
Yn: it teater efter De Pleats yn Burgum

Dit jier is it 65 jier lyn, de befrijing fan ús lân. Dit jier spilet yn it o sa smûke iepenloftteater fan Burgum it stik De simmer fan ’45. It stik is baseard op autentike ferslaggen en deiboeken fan froulju út hiel Nederlân. It stik waard skreaun nei de tv-searje troch Stephan Lang en oerset troch Tineke Hoekstra fan Noardburgum. 

Nei de befrijing  ûntstiene der gauris relaasjes tusken Kanadeeske soldaten en Nederlânske jonge froulju. Foar guon froulju wie de moeting mei de knappe en machtich ynteressante Kanadezen net allinne it ein fan de besetting, mar it joech ek gelegenheid ûnferwachte relaasjes oan te gean, gefoelens en seksualiteit te ûntwikkeljen.
Yn dit stik wurde twa Nederlânske famkes, Anna en Maria, beide fereale op in Kanadeeske soldaat.
Guon soldaten sjogge de kontakten mei Nederlânske famkes as wille meitsje nei in lange oarloch. By oaren ûntstiet werklik in relaasje. De gefolgen bliuwe dan ek net út.
Maria rekket swanger. Har libben wurdt bot skeind at se har soldaat net mear fine kin en har berntsje ôfstean moat. Anna en Jim belove elkoar trou, mar it needlot driuwt har útinoar at Jim ûnder twang de oseaan wer oerstekke moat, werom nei Kanada. Harren leafde hat fiergeande gefolgen foar harren fierdere libben.
Omdat de libbens fan Maria en Anna úteinlik ek noch meimekoar ferbûn blike te wêzen, krije se 25 jier letter mei in reüny ûnferwacht antwurd op in soad fragen. 

De s
immer fan 45 is in oangripend ferhaal oer (ûnberikbere) leafde en echte freonskip. 

It is in prachtich stik dat je bytiden hielendal nei de strot grypt.
De muzyk en sang yn dizze foarstelling wurde fersoarge troch Marjan Fennema, it dekor is fan Jaap Groen, de kostúms fan Carla Busscher en Ima Zuidema en it grime- en kapwurk fan Dries de Vries. De technyk is yn hannen fan Martin Sijtsma en Arjan Postma. Regy-assistinsje: Rita Wijnsma. Regy: Tineke Broers. Meiwurkers en spilers komme rûnom ut hiel Fryslân. 

Kaartferkeap

- www.iepenloftspul.nl      (iDEAL priis € 15,50)
telefoanysk 06 294 009 07 (fan 5 maaie of, 10.00 oant 12.00 oere
– of jûns by de kassa
– priis folwoeksenen € 16,00, bern oant 12 jier € 10,00
Wolle jo in alhiel fersoarge jûn?  Op www.depleats.nl fine jo mear ynformaasje. 

OOK GESCHIKT VOOR NIET FRIEZEN?
Het Burgumer Iepenloftspul maakt al meer dan 50 jaar voorstellingen, waarin veel te zien is. Naast het spel  brengen de kostuums uit die tijd, een bijzonder decor met prachtige licht- en geluidseffecten, u in de sfeer van het stuk. Het bezoek aan het Burgumer Iepenloftspel is een belevenis!

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe