×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 78 niet laden

Dat Eastermar en syn ynwenners in goed ynsicht hawwe yn de eale sylsport is wol bekend. 'It doarp Eastermar' gie as 'de brandweer' fan de C- nei de B- nei de A-klasse mei in betûfte skipper en bemanning. Mar no docht bliken dat der ek oan 'e wâl hiel wat kennis sit. Omrop Fryslân organisearre de SKS-skûtsjepool dêr't dielnimmers alle dagen de top-3 foarsizze koenen. Foaral as ien fan de winners op it krekte plak pleatst waard  levere dat punten op. Eltse dei wie der in dei-winner en oer it totaal wie Tineke Wink fan Eastermar dus earste! 'De beste stuurlui ...'

Tineke hie 38 punten en hat in midwike bungalowpark foar 6 persoanen wûn. Tineke, lokwinske en we hoopje dat dit in hiel goed foarteken is foar 'it doarp Eastermar'...
Op de side fan Omrop Fryslân kin trouwens alle dagen wer meidien wurde oan de IFKS-skûtsjepool.
skutsje3-8-2008

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe