Meastentiids sjocht men it steatejacht fan Fryslân yn de Súdwesthoeke farren. Mar fanwege in gearkomste yn Hotel Meerzigt fan Fryske wethâlders mei SPORT yn 'e portefúlje, hat it steatejacht Eastermar oandien. Spitigernôch stie der gjin sprút wyn, dat in fartocht oer de Leien en de Burgumer Mar wie allinne mei help fan de motor mooglik. Deputearre Tineke Schokker wie der ferantwurdlik foar dat ien fan de moaiste houten platboaiems fan ús provinsje dizze kant ris opkaam. In moai stikje promoasje foar doarp en omkriten!

friso2.jpg

 

friso1.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: