helikopter mei mjitapparaat

Yn de media hat de heikopter mei de grutte ring derûnder al wiidweidich omtinken hân. Hjoed wie it fleanend gehiel boppe Eastermar en de Burgumer mar te sjen.
Under de helikopter hinget in mjitynstrumint dat in ûnskealik magnetysk sinjaal útstjoert. Dêr wurdt mei oant sawat 200 meter djipte metten. Op dizze wize wurdt de ûndergrûn yn kaart brocht. Sa kin mjitten wurde wêr't beskermjende klaailagen lizze en wêr't swiet en sâlt grûnwetter harren befine.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: