Saterdei 12 novimber hat in meiwurker fan ‘e televyzjestjoerder GPTV opnamen makke yn Eastermar yn it ramt fan it keppelfeest: de 60-jierrige betinking fan Kneppelfreed. De dielname oan ‘e manifestaasje ’fan kneppeljen nei keppeljen’ is yn ús doarp goed te sjen oan ‘e pears-wyt-oranje flaggen dy’t by in soad doarpsgenoaten oan ‘e gevel hingje.
Op dy flaggen stiet in fragmint út it gedicht ‘Fereale’ fan Frâns Holwerda: ‘it moaiste stikje Fryslân ha wy fûn by Eastermar’. Dat fers is foardroegen troch keppelfeestkoördinator Wijbe Postma op it brechje oer it Wâltsje. De kameraman hat ek opnamen makke op ‘e ein fan Snakkerbuorren en fan it útsichttuorke op ‘e Achterwei ôf de Mar oer.
De opnamen sille ferspraat oer de dei geregeld te sjen wêze fan kommende tongersdei 17.00 oere ôf oant freedtemiddei 17.00 oere.
-
- Informatie
- 24 april 2024
Ea wedstrijdverslag skûtsjesilen Langwar
Na twee trainingen op de Burgumer Mar was het afgelopen weekend tijd voor de eerste wedstrijden van... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 april 2024
Doop skûtsje de Broekophâlder een feestelijk spektakel
Na een geslaagde tweede training op de Burgumer Mar stond de bemanning van skûtsje De Broekophâlder... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 april 2024
Factsheet herstel brug Skûlenboarch
Op 3 februari van dit jaar raakte de brug bij Skûlenboarch zwaar beschadigd door een aanvaring. Het... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 april 2024
Eastermar is...
…nije autoladerij foar it BetterSkip oer. Meikoarten yn funskje. Fierder lêze »
-
- Informatie
- 10 augustus 2023
‘Indonesia Roept’ mei û.o. it ferhaal oer Rienk Talstra op tv
Hjirûnder is it berjocht te lêzen oer de televyzje-rige 'Indonesia Roept'. Foar dizze rige binne der... Fierder lêze »