Dizze gearfetting kaam fan Sippie Wijnsma yn in filmke fan it LC. Mear fan dit soart prachtige útspraken binne te hearen op filmkes dy't troch de ferskate media juster makke binne.
En hoe moai, krekt ferhuze nei Eastermar, foar it earst meidwaan oan de Postcodeloterij en dan fuortendaliks yn 'e prizen. Dit oerkomt Syb en Sylvia fan de Beimastrjitte 26, dy't drok oant ferbouwen binne.
Der waait in stoarm fan opwining oer Eastermar wêrfan it hichtepunt freed te ferwachtsjen is. Mei de opbou fan de ynstallaasjes dy't nedich binne foar de útstjoerings en de muzyk op it Breed is hjoed al úteinset. Ek by de gemeente Tytsjerksteradiel is men drok om alles mei de ferskate ynstânsjes, lyk as brânwacht en plysje, goed te regeljen. Want it wurdt hjir slim drok takom freed.
Yn de útstjoerings fan Koffietijd en 5 uur Live dizze wike kin it samar wêze dat der noch mear Eastermarders yn byld komme. Wis is it noch net mar op tongersdeitemiddei is in bydrage oer it Eastermarder skûtsje te ferwachtsjen.
€astermar wurdt dizzer dagen goed op 'e kaart setten. Mei spektakel, mei humor, mei helahola mar ek as foarbyld fan wat der mei in doarp barre kin troch út útdielen fan sokke grutte jildprizen (column fan Peter de Waard yn de Volkskrant).
-
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard KempenaarFanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 28 september 2026
Nijs út it Mienskipshûs
Simmer Hoewol’t it simmerfakânsje west hat, wol dat net dizze dat it Mienskipshûs net brûkt is. De hi... Fierder lêze »
