Dit jier hat de lêste kear west dat it doarpsfeest him foar in grut part ôfspiele hat yn de loads. De eigner fan de loads hat it hierkontrakt opsein en dêrmei komt in ein oan in doarpsfeesttradysje fan jierren.
De nije feestkommisje stjit no foar de taak om in oare lokaasje en ûnderkommen te finen. Omdat der yn Eastermar eins gjin alternativen binne ticht by it sintrum fan it doarp, sit der neat oars op en hier in feesttinte. Wêr de tinte stean moat is noch in punt fan diskusje. De Komerk soe in aardige lokaasje wêze mar it terrein is op dit stuit noch net optimaal. Omdat de drainaazje noch op gong komme moat (soks kin jierren duorje) is de grûn fan it terrein nei alle gedachten te sompich foar in tinte. Oan de oare kant soe it better wêze om net te fier fan it Breed en E.M. Beimastrjitte te bedarjen, omdat men ek te krijen hat mei de lokaasje fan feemerk, diskemerk en merke.

feestloods.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: