×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

Sneontejûn 10 novimber. It reint in bytsje en der giet in optocht troch de buorren. It is Sint Maarten. Sint Maarten op 10 novimber? Ja dat is dit jier no ien kear sa.

Om seis oere sammelden de bern har mei har âlden en pakes en beppes op it Breed. Dêrnei wie der in koarte optocht troch it doarp hinne. De ôfslúter fan de optocht wie om mei alle bern in besite oan de Nije Hoarnst te bringen.

Wêr komt it Sint Maartenfeest eins wei?

Martinus van Tours, better bekend as Sint Maarten wie biskop fan de stêd Tours fan it jier 371 oant en mei 397. Hy wie ien de wichtigste pioniers fan it kristendom yn Gallië.

Yn it jier 397 stoar Martinus en waard er begrûven op 11 novimber. Sa is ek de leginde fan Sint Martinus begûn. Eartiids waard op 11 novimber de rispinge fan it lân helle en moast it fee ynhelle wurde.
Der waarden dan grutte freugdefjoeren oanstutsen. Folle letter is sa it bernefeest fan Sint Maarten ûntstien.

 

 

dsc_6452_c.jpg

Allegear mei in sels makke lampinjon mei yn de optocht.

 

dsc_6463_c.jpg

In freugdefjoer.

 

dsc_6446_c.jpg

Noch mear moaie lampinjons.

 

dsc_6484_c.jpg

Dochs wol in bytsje grizelich om te sjongen....

 

dsc_6482_c.jpg

By de Nije Hoarnst krigen alle bern snobbersguod oerlange.

 

dsc_6469_c.jpg

Ien fan de jongste Sint Maarten dielnimmers.

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe