×

Waarschuwing

JUser: :_load: Kan gebruiker met ID: 457 niet laden

Sneon 29 septimber waard der yn de gymseal de doarpsfeiling fan stifting De Burgerkamp hâlden. Der wiene 141 kavels dêr't op bean wurde koe. Dy 141 kavels bestienen út allerhanne produkten of tsjinsten dy't bedriuwen of partikulieren beskikber steld hawwe. In partij iepenhurd-hout, in eigen bakte cake of in stikmannich badjassen. Mar ek in taksyrit fan 150 kilometer, in pear kilo tsiis of mei nei in fuotbalwedstriid fan S.C. Heerenveen. It wie allegear ‘te keap' foar it goede doel, de sportferienigingen fan Stichting Burgerkamp.

dsc_6178.jpg

Gerard van der Veer bea en ferkocht de earste kavel.

 

Oan âld-Eastermarder Gerard van der Veer de eare om de earste tsien kavels te ferkeapjen. As tsjinprestaasje bea er sels ek noch in kavel oan: in rûnlieding troch it gebou fan Omrop Fryslân en dêrnei in útstjoering fan Faktor Freed bywenje. Dizze kavel is úteinlik foar € 60,-- fuortgien. In badjas smiet € 30,-- op, in ‘diner voor twee' by Floor en Antsje gie foar € 100,-- fan ‘e hân. Klapper fan de jûn wie in stik nageltsjetsiis, beskikber steld troch Frico Cheese. Dizze tsiis waard ferkocht foar € 106,--!

Image

De oproppers wienen ôfwikseljend Jan Brander, Cor Brouwer en Gerard van der Veer.

De totale opbringst is rom € 5200,--, de opbringst fan de spesiale kalinder net meirekkene.

It krekte bedrach sil letter bekend makke wurde.

Image

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe