doarpsbelang logo2014

Omrop Fryslân is dizze wike úteinset mei it programma ‘Simmer yn Fryslân’.

Yn dy radio-útstjoerings strune de meiwurkers in hiele dei troch in doarp en besteegje omtinken oan nijsgjirrige saken dy’t sa’n plak biedt. Ek is der in telefyzjeploech warber en de opnames dy’t hja meitsje binne op ‘e neimiddei en de jûns te sjen, nei it waarberjocht fan Pyt P.

Kommende woansdei (15 july) is de Omrop yn Eastermar. De programmalieding hat it Doarpsbelangbestjoer frege om in tal bysûndere saken, groepen, ferienings en ynstellings op te jaan. Sa sil der û.o. wat te hearren en – miskien te sjen – wêze oer it Simmerwille Breedterras, it Lokaal Loket, de ‘Verhalenkamer’, de TipToko en grif noch folle mear. De earste radiobydrage is moarns betiid (7.15 oere!) en ferdield oer de dei duorje de ferskate opnames in minút of fiif.

Der is miskien wat te betinken om ús doarp wat ekstra ‘cachet’ te jaan yn dit ‘mediale’ ferhaal. Sa hongen dizze wike yn ‘De Pomp’ (Kollumerpomp) in tal doarpsflaggen oan ‘e gevels. Op it risiko ôf dat wy, Broekophâlders, as neibauwers de boeken yngean, is dat miskien wol in aardige aksje. Wa’t net sa’n flagge hat kin by Doarpsbelangskriuwer Anne Wieke Postma (’t Hof 26) noch wol ien besette: € 10,- foar leden fan Doarpsbelang en € 15,- foar net-leden.

De harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân komme grif dy 15-de july in soad te witten oer Eastermar ear’t de omropmeiwurker ta beslút de ‘Simmer yn Fryslan’-sticker op it kûmboerd plakt.

eastermarder vlag

 

 

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppen