Op 13 jannewaris ll. hie de Projektgroep yn Koatstertille in twadde ynformaasjejûn belein oer de ûntsluting fan it bedriuweterrein Skûlenboarch en de tydlike maatregels foar de brêge. Diskear waard allinnich yngien op de fragen dy’t yn de earste byienkomst steld wienen.

De hiele operaasje is yn it ramt fan de farrûteferbettering Delfsyl-De Lemmer. Hjirby wurdt it Prinses Margrietkanaal oanpast foar skippen yn de 5A-kategory, 4-laachs kontenerferfier en twabaks-triuwfeart. (5A-skippen binne oant 100 meter lang, 11.40 meter breed, mei in maksimale tonnaazje fan 3000 en net mear djipgong as 2.80 meter.)
De nije Skûlenboargerbrêge sil dan 3,5 meter heger wurde as de hjoeddeistige en like heech en takomstbestindich wêze as de brêge fan Stroobos. Mooglike ôfwetteringsproblemen fan sa’n hegere brêge sille yn ‘keukenpetearen’ oplost wurde om ’t it yn ‘e praktyk meast yndividuele problemen wêze sille.

Der mei no net hurder fearn wurde as 6 km yn ‘e oere, mar der is grutte druk fanút de skipfeart om der 8 km fan te meitsjen. De bestjoerberheid by hurde wyn wurdt dertroch in stik ferbettere. Foar de simmer sil der in beslút oer nommen wurde.

Der is fan Rykswege noch gjin dúdlikheid wannear’t de brêge ferfongen wurdt. Foarearst hâldt de projektgroep 2017 oan, mar in claim út Grinslân kin de saak fertrage. Oarspronklik stie it yn de lêste planning 2020-2025… De provinsje sil net foarfinansiere mei NUON-jild, om’t it no in saak is fan Rykswettersteat.

Mar de tastân fan de âlde brêge freget no fuort om oplossingen!
Yn de earste wike fan febrewaris sille der no dochs ferkearsljochten pleatst wurde by de brêge. Sa kin der mar ien frachtauto of persoanewein tagelyk oer de brêge en wurdt de belesting fan de brêge minder. De bedriuwen hawwe meiwurking tasein.

De nije ûntslutingswei sil yn 2015 realisearre wêze! De oanwêzigen mienden dat it in algemien tagonklike wei wêze soe, mar dat is sa net: allinnich bedriuwsferkear mei der gebrûk fan meitsje! Jens Zeeman, de ferkearsamtner fan de gemeente, lei der fuort it near op: sá is it mei de bedriuwen ôfpraat. Mar by in eventuele stremming fan de âldbrêge soe de nije dyk wol iepensteld wurde kinne.

Nei de simmer sil de gemeente mei de bewenners de ynrjochting fan de Skûlenboargerwei beprate. De oanlis fan in skieden fytspaad kin skrast wurde. Al hoe fûl't Doarpsbelang Eastermar dat ek bepleitet, de gemeente wol der perfoarst net oan: it is ommers in 60-km dyk.
Dy ynrjochting sil lykwols pas plakfine nei de realisaasje fan de ûntslutingswei.

Foar fragen of mear ynfo:
Tel. 0566.625325 (ûnder kantoaroeren)

images

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe