De lytse foaroarlochske boer mei in pear kij en wat hinnen op it hiem rêde it nei de oarloch net mear op. Yn 1953 waard Rottefalle/Wytfean troch de Ryksfoarljochtingstsjinst útkeazen as 'foarbylddoarp' en mei Amerikaans jild (Marshallplan) feroaren de lytsskalige spultsjes yn buorkerijen fan de takomst. De húshâldingen profitearren mei: der kaam ek wetterlieding en elektrisiteit. 

Mei busladingen kamen boeren út it hiele lân om har te fergapjen oan de hypermoderne produksjemetoaden. Keninginne Juliana hat har destiids op it Wytfean rûnliede litten. Hja besocht û.o. ek it bedriuw fan Bouwe en Siep v.d. Meulen oan 'e Wytfeansterwei 14. Yn de dokumintêre komme ek Wytfeansters oan it wurd: Binne Veenstra en Japik de Jong.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe