Sûnt ôfrûne hjerst makke in tal Eastermarders him soargen oer de minne
tastân fan it âld brêgehaad. Der foelen gatten yn, de kademuorre fertoande
grutte skuorren en der wie noed dat der in stik wâlkant samar ynsakje koe.
Dat soe gefaarlike sitewaasjes jaan foar minsken op ‘e wâl of skea besoargje
oan ‘it doarp Eastermar’ as it skûtsje dêr lei.

Dizze soarch is útsprutsen nei de gemeente en dy hat daliks de saak besjoen.
It gefolch fan dat ûndersyk is dat der sûnt ferline wike wakker hurd wurke
wurdt om de brêge-ein wer feilich te meitsjen en in better oansjen te jaan.
It bedriuw Kuipers Waterbouw Dokkum BV, spesjalisearre yn ditsoarte wurk, is
dwaande mei it slaan fan in nije houten wâlbeskoeiïng. Dêrnei sil der om it
keunstwurk fan Frans Ram hinne (sitbank mei bôge) op ‘e nij fluorre wurde.

Hoelang’t dit allegearre krekt duorje sil is min te sizzen. Wis is dat it
âld-brêgehaad der nei dizze opknapbeurt wer piko-bello hinne leit, sadat
mannich fytser, kuierder, toerist èn doarpsgenoat  him dêr wer efkes rêstich
en feilich deljaan kin.

brug1

brug2

brug3

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe