Tsjustere krêften oan 'e gong op de Swartewei?

It liket oft de stien mei it doarpswapen troch in reus mei enoarme spierballen optild is en fjouwer meter fierder foarsichtich wer dellein. Wat binne dit foar tsjustere krêften yn dizze mistige en donkere dagen? Of hawwe wy hjir te krijen mei balstjurrigens? Of hat it in nijjiersploech west, dy't de stien stelle woe om op 1 jannewaris yn in oar doarp wer foar 't ljocht komme te litten? En hat dy ploech him fersind yn de swierte fan it ding?

It antwurd is spitigernôch minder aardich. Der hat in auto by op sitten en de stien is in pear meter fuort slingere. De auto rekke skânsearre, de bestjoerder gelokkich net.

Doarpsbelang sil soargje dat de stien wer op 'e sokkel komt te stean.

 

doarpsstien

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe