Yn neifolging fan de hast jierlikse himmeldagen dy't yn en om Eastermar hinne plakfine, hat in nij oprjochte kommisje betocht dat we mei in soad Eastermarder frijwilligers it himmeljen better 'stroomlijne' kinne en dêrmei it doarp der noch mear spik-en-span bylizze litte kinne. Njonken it skjinmeitsjen fan de bermen mei prikstokken en gripers kinne bygelyks de ljochtpeallen en sitbanken wol in sopke brûke.
Kommende freed is der gelegenheid foar eltsenien dy't dat wol om mei te helpen Eastermar op te kreazjen. Fan 13.00 oere ôf sammelje op It Breed.

De skoalbern hawwe lêstendeis al de bermen wat opskjinne mar der is noch genôch om op te rûmjen. De prikstokken en in sopke wurde oanlevere. Sels amer en bjinder meinimme.
By grut sukses sille we dit alle jierren organisearje.
Doch mei oan it 'Bjinderbarren!'


poetsvrouw

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe