Op freed 7 septimber 2018, fan 15.00-17.00 oere, fynt de feestlike presintaasje plak fan it boek Tichter by/Dichter bij/Closer to Tytsjerksteradiel, yn de Krústsjerke fan Burgum. De presintaasje is iepenbier en fergees tagonklik foar eltsenien. 

klik hjir foar de útnûging

Nei muzyk fan sopraan Tetsje van der Kooi, ûnder begelieding fan konsertpianist Jacco Lamfers, krije de oanwêzigen, yn in omgong troch tsjerke en oer hôf, in folksferhaal, poëzij en lokale skiednis te hearren en is in fotoympresje fan Tytsjerksteradiel te besjen. Om 17.00 oere wurdt ôfsletten mei in drankje en in hapke. By de presintaasje is der gelegenheid ta oankeap tsjin de spesjale priis fan €15,99 (normaal €19,99). De ynrin is fan 14:30 ôf.

tytsjerk vijversburg
Park Vijversburg ynTytsjerk. FOTO: MARCEL VAN KAMMEN

Tichter by/Dichter bij/Closer to Tytsjerksteradiel is de opfolger fan Karakteristyk Tytsjerksteradiel út 1983. It befettet, nei in foaropwurd fan boargemaster Gebben, fan elts fan de santjin doarpen yn Tytsjerksteradiel in ‘kulturele doarpsbiografy’, in folksferhaal, in fotoympresje en bydragen fan lokale skriuwers en byldzjende keunstners. Koartsein wol it boek it moaie en mearsidige fan Tytsjerksteradiel op ’e nij tagonklik meitsje. De doarpsbiografyen – eins doarpskuiers – binne skreaun troch Jan Popkema, de folksferhalen binne bewurke troch Douwe Kootstra en it fotowurk is fan Marcel van Kammen. De útjefte is trijetalich Frysk / Nederlânsk / Ingelsk. Sa wurde yn dit kleurrike en kreas foarmjûne boek alle santjin doarpen op ’e kaart set, harren keunst en kultuer ophelle en weromjûn oan ’e mienskip. 
De redaksje waard foarme troch ferhaleferteller en skriuwer Douwe Kootstra, Jan Popkema, oprjochter, earste foarsitter en (ein)redakteur fan it boek Karakteristyk Tytsjerksteradiel, foarmjouwer Peter Boersma en fotograaf Marcel van Kammen. De einredaksje wie yn hannen fan Anne Tjerk Popkema en Tryntsje van der Veer; de lêste wie inisjatyfnimster fan dit projekt. De útjefte kaam ta stân yn it ramt fan LF2018 en is mei mooglik makke troch de gemeente Tytsjerksteradiel en de Provinsje Fryslân.
Tichter by/Dichter bij/Closer to Tytsjerksteradiel is in útjefte fan Binnentún, hat 200 siden yn kleur en in hurd kaft. It sil te krijen wêze op meardere ferkeappunten yn Tytsjerksteradiel en by de einredaksje.