De premjêre fan It Begjin der Barrens hat west.
Nee, wy ferklappe neat. Net oer it stik, net oer de spilers en net oer de rezjy. Fansels net.
Mar wy kin fêststelle dat de nije ferneamde Eastermarder Sjoerd Blom ús wiist op al wer in nije opsje om eleminten fan ús doarp om te setten nei in unyk Eastermarder barren.

En nee, wy ferklappe neat wannear wy melde dat ien grutte rol net neamd waard yn de ynformaasje oer dit barren. Wa't sit nimt op 'e tribune wurdt fuortendaliks troffen troch de omjouwing, dy't as ien grut poadium wurket. Hjir kin gjin dekôrbouwer tsjin op. De greide, de loft, it wetter, de fûgels, de lûden, alles wurket mei oan dit barren en spilet in grutte rol.

En ja, der waard klapt oan de ein fan It Begjin der Barrens; in grut applaus foar eltsenien! Mar fral foar Sjoerd, dy’t yn sa koarte tiid sa’n protte foarinnoar krigen hat. Dêr nimme wy ús Ea-petsje foar ôf!

Nee, wy ferklappe neat as wy sizze dat wy de ein fan alle barrens grif net meimeitjse sille.
Mar It begjin der Barrens, dat mei men eins net misse. Jo hawwe nó de kâns.

(Dit is in ynstjoerd stikje fan RV)

dekor iepenloftspul
De natoer as dekôr fan it Eastermarder Iepenloftspul