In skoft lyn hat Tryater mei in geloksbrievebus it gelok fan Eastermar sammele en dêr in gedicht fan in oere fan makke. Dat gedicht is nije wike oer, op 3 en 4 oktober, te hearren op in audiofisuele tocht troch Eastermar. Der binne noch krekt in pear kaarten! En, fansels, hielendal Corona-proof.

Foar kaarten en mear ynfo, sjoch op https://tryater.frl/show/it-gelok-fan-fryslan/ 

Wy binne dêrneist noch op 'e syk nei frijwilligers. Dat kin wêze foar it begelieden fan it publyk, foar de betsjinning fan objekten lâns de rûte, tee sette, esfh. Hjirûnder alfêst de data:

Tongersdei 1 oktober: 19:00 – 21:00 oere Ynfojûn frijwilligers

Freed. 2 oktober: 15:15 – 18:00 oere Generale trochrin

Sneon 3 oktober: 12:00 – 17:30 oere Gelok (as heale shift byg.12:00 – 14:45 oere / 14:45 – 17:30 oere)

Snein 4 oktober: 12:00 – 17:30 Gelok (as heale shift)

Kinsto en liket it dy moai ta om te helpen, mail dan nei sjoerdblom@live.com en dan wurdt der kontakt mei dy opnaam.

 

Tige tank yn ’t foar!

Mei freonlike groetnis,

Sjoerd Blom

0621618220

sjoerdblom@live.com

gelok