Op saterdei 20 desimber jout 'Koardinaasje' twa krystkonserten.
It earste begjint om 16.30 oere, tradysjegetrou yn de Menistetsjerke yn de Rottefalle. Elkenien is fan herte wolkom en de tagong is fergees.

De jûns om 20.00 oere wurket 'Koardinaasje' mei oan in krystjûn yn de Nikolaastsjerke (yn 1234 yn romaanske styl boud) fan de St. Alde Fryske Tsjerken yn Swichum. Ek dêr is iderien wolkom. Oanmelde is net noadich; de tagong is € 5,-

Beide programma's bestean út tradisjonele krystlieten, mar ek carols, populêre krystnûmers en minder bekende wurken steane op it program.

Krystconcert