Information
Publisearre: 03 maart 2019 | Kategory: Keunst, muzyk en teater
Meerzigt Omrop Fryslân koar

KOARDINAASJE fiert 10-jierrich bestean

Kommende wike is it feest by it mingd koar Koardinaasje. De oprjochting begjin 2009 is foar it bestjoer reden om dêr, 10 jier nei dato, omtinken oan te jaan. Der waard in jubileumkommisje ynsteld om de feestlikheden stal te jaan en dat groepke hat it folgjende betocht:

- Op tiisdeitemoarn 5 maart sil foarsitter Ada Roelants yn it Omrop Fryslân programma ‘Muzyk yn bedriuw’ tusken 9.00 - 10.00 oere wat fertelle oer it koar, de skiednis en de feestwike. Dat sil om sawat 9.45 oere wêze. Fierder wurde fersyknûmers draaid fan de ferskate koarleden.
- Dan leveret Koardinaasje op freedtemiddei 8 maart in muzikale bydrage yn ‘e Omrop Fryslânstudio yn it programma fan Willem – ‘Wâldpyk’ – de Vries. Foar de Eastermarders nijsgjirrich, want it is net allinnich op de radio te hearren, mar ek te sjen op de deitelefyzje fan ‘e Omrop. It programma 'Noardewyn Live' wurdt streekrjocht útstjoerd tusken 13.00 - 16.00 oere.
- De jubileumfiering wurdt saterdei 9 maart ôfsletten mei twa aktiviteiten. Earst is der middeis yn ‘Meerzigt’ in ‘workshop’ foar koarleden en partners. Dy workshop wurdt fersoarge troch Ellen Bakker, zangeres en sangdosinte (vocal coach). Dêrnei is der in buffet en de dei einiget mei in feestjûn. Foar dy happening binne ek âld-koarleden utnûge.

As ôfsluting fan dit jubileumjier riedt de jubileumkommisje foar desimber '19 in konsert ta. Hoe, wat en wêr is noch ûnbekend, mar dêroer sil tsjin dy tiid mear ynfo komme.

De jubileumkommisje

Koardinaasje

Foto: Albert Bakker

Werom nei de foarige side

 
 

Foar redakteuren:

Sykje:

Friese tekst vertalen:

Kopieer de tekst en plak deze in de 'Oersetter'.

Eastermar.nl en privacy

Doarpsside Eastermar.nl pleatst 'cookies' foar in optimale wurking en it byhâlden fan de statistiken. Graach jo akkoart!