Op 14 july sille acht Eastermarders yn Londen optrede, yn de Royal Albert Hall! Op it programma stiet de útfiering fan de Carmina Burana fan Carl Orff, in stik fan sa'n fiif kertier. Mei grut orkest, professionele solisten en noch 992 oare koarsjongers wurdt dit in fantastysk grut barren.
De Carmina is net in maklik stik, dus der moat hiel wat oefene wurde. De Eastermarders, allegear lid fan Koardinaasje - oanfolle mei 4 net-Eastermarders dy't har ek opjûn ha en meireizgje sille - komme dêrfoar in pear kear bymekoar op it Wytfean. Hiel bysûnder (en noflik) dat de Koardinaasjedirigint ek meisjongt en -oefenet. Dat is in hiele stipe...
O Fortuna!