EASTERMAR: Op snein 18 desimber om 15.00 oere is der yn ‘Theater Meerzigt’ de foarstelling ‘Midden yn de Winternacht’ mei de bekende skriuwer en kollumnist Douwe Kootstra mei muzikale begelieding fan Arie van Lienen. Douwe fertelt dizze middei âlde Fryske ferhalen.
Douwe Kootstra is yn Fryslân foaral bekend wurden as skriuwer fan in oantal reisboeken en as kollumnist foar Omrop Fryslân. Noch altiten is er aktyf as publisist/kollumnist yn alderhanne blêden.
Wie veel reist, kan veel verhalen. Dat jildt ek foar Douwe Kootstra. Al in grut tal jierren fertelt er yn en bûten Fryslân - yn 2007 sels op Oerol - mei in protte súkses âlde folksferhalen. Net allinne oerlevere sterke ferhalen út de eigen provinsje, mar bygelyks ek út Skotlân, Noarwegen, Portugal, Fietnam, Japan en Yndonesië. Op syn repertoire steane mearkes, sêgen, leginden, myten, mar foaral ek folksferhalen út de eastlike Fryske Wâlden. Fan dy ferhalen binne der yn Fryslân sa’n 15.000 stiks oerlevere, in unike kolleksje en in tankbere boarne foar fertellers.
Diskear sille winterske sfearen foar master opslaan; it fertellen fan ferhalen wie ommers in tiidferdriuw foar de lange winterjûnen?
Arie van Lienen is begûn as folksdûnsmuzikant by de ‘Oudhollandse dansgroep Het Duivelspaard’ yn Alkmaar. Al gau ûntduts er de diatoanyske harmoanika (yn ‘e folksmûle ek wol treksek of trekharmoanika neamd) dêr’t er no al sa’n 35 jier konserten mei jout . Hy spile by it yn trekharmoanikarûnten bekende en ferneamde ensemble Pot, van Lienen en Baumgarten. Op it stuit spilet er yn it trio Luna.
Mei Douwe Kootstra wurket er mei oan de cd ‘Erfguod fan juster foar hjoed’.
Yntree € 15,00 en dat is ynklusyf kofje/tee by ûntfangst en in hapke en drankje yn it skoft. Reservearje: www.theatermeerzigt.nl. Belje kin ek: 0512-471232 of 0512-472190.
Met Vriendelijke Groet / Mei Freonlike Groetnis,
Werkgroep Theater Meerzigt
Heymen Jansen