Film 'As it is in heaven ' op snein 9 novimber yn Hotel Meerzigt
In pear jier ferlyn makke de Sweedske regisseur Kay Polak de film 'Sa som i himmelen', letter oerset yn 'As it is in heaven'. De film sloech yn as in bom en waard fuortendaliks film fan it jier. Net lang dêrnei kaam de Oscar-nominaasje foar bêste bûtenlânske film.
De film giet oer in lyts plakje yn it noarden fan Sweden, dêr't minsken drok dwaande binne mei har libben en har hobby's. Benammen it sjongkoar spilet in grutte rol yn dit doarp. En dan, as in ingel út 'e himel, komt in wrâldferneamde dirigint nei it doarp en set him yn foar it doarpskoar. Dat bringt by in hiel soad minsken in hiel soad teweech.
Dizze film ropt by taskôgers hiel wat op. It is gjin wûnder dat der guon binne dy't de film ferskate kearen sjoen ha. Of dy't faker as ien kear nei Jorwert gien binne, dêr't dit jier de iepenloftferzy 'Jou my wjukken' opfierd waard.
De film 'As it is in heaven' moatte jo net allinnich hinnegean. It giet oer minsken, oer in mienskip. Sa moat men de film ek sjen: yn it selskip fan oaren.
Ada en Heymen hawwe har gearwurking tasein en it mooglik makke om de film mei-inoar te besjen: op snein 9 novimber om 20.00 oere binne jimme yn Hotel Meerzigt wolkom. Ik haw fan Buma-Stemra in fergunning kocht. De kosten komme op € 1,50 de man/frou.
Jimme kinne jim opjaan by my (fia mail: seadwei5@macuser.nl).
Mar tink derom: mear as 60 persoanen kinne der net yn. Dus: wês rap!
Oebele Brouwer