Gâns minsken kenne de namme Bernardus Nieuwenhuis (1912-2001). Hy kaam fan De Rottefalle dêr't er ek meispile hat yn Polyphonia, mar hy hat lang wenne oan de Folgersterloane, tichteby de Wytse Peetswei. Wat de sport en it toaniel oanbelanget, wie er oriïntearre op De Kompenije. Bernardus Nieuwenhuis, ek wol bekend as 'Nakke', is fral bekend as fertsjinstlik skilder, dy't hiel wat fan De Rottefalle en fan de buordoarpen op it doek fêstlein hat. Ein tachtiger jierren hat der sels yn De Rottefalle en yn 1994 yn Drachtster Kompenije in tentoanstelling west fan syn wurk.

No is der yn Drachtster Kompenije sûnt koart in histoaryske kommisje. Yn dat fermidden is it idee ûntstien om yn 2012 omtinken te jaan oan it feit dat Bernardus Nieuwenhuis hûndert jier lyn berne is. As it heal kin sil der in boek oer en mei wurk fan him gearstald wurde.

Sadwaande is de Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije op 'e siik nei al it wurk fan Nieuwenhuis. Dat kin wêze in skilderij, in pinnetekening, in akwarel, in achtersket fan in fersierde wein, in beskildere molkbus en neam sa mar op. Oan no ta ha we in stik of 180 wurken achterhelje kinnen, soms sels fan wurk dat yn Kanada of de Feriene Steaten telâne kaam is. Der moat lykwols folle en folle mear te finen wêze.

Us fraach is no: wa hat wurk fan Nieuwenhuis yn 'e hûs of wit dat oaren wurk fan him ha? De Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije soe it tige op priis stelle as jo dy ynformaasje trochjouwe oan ûnderkreaune. Dat kin fia de telefoan (0512-342912) of fia e-mail (). Jo kinne der wis fan wêze dat der soarchfâldich mei de ynformaasje omgien wurdt.

Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije

 

schilderij

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe