Nei de dikke buien fan foarige wike kaam it goeie waar krekt op ‘t tiid werom en koene wy sneon 1 septimber wer los mei it Silersbarren. In ploech fan 37 dielnimmers stie moarns klear op it Breed en in kolonne waard ôfreizige nei Heech. Dêr leinen in moai protsje Polyvalken foar ús klear. Fjouwer man per boat mei altyd minstens ien skipper mei ûnderfining oan board. En skippers hawwe wy yn Eastermar genôch.
Omdat it tradisjonele oanstekkersplak, Badmeester Keimpe in Balk, dizze dei al te folle drokte hie, waard in alternative bestimming optocht: de Galamadammen. Dat betsjutte lavearje oer de Fluessen dy kant út. Mar mei in moai koeltsje gie dat bêst. En de útsmiter op ‘e Galama smakke tige goed. Werom koe foar it lapke en dat gie hiel relekst. Underweis wie der tiid foar sterke ferhalen, even swimme, in slokje en ôfwaaid praat.
Mei in ôfsluter yn de Parel wie it al mei al in tige noflike silersdei.
Wa’t oare jier ek meiwol kin de earste sneon fan septimber fêst yn it bûsboekje notearje.
-
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Steun Team Eastermar voor Lokaal Loket
Raimondo (l) en Henk (r) gaan dit jaar deelnemen aan de Tour Alpine Multi Challenge. Deze tocht zull... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 januari 2025
Sinkhole op it Wytfean?
Op 'e hoeke fan de Seadwei en de Achtienenweg leit de dyk der mar raar by, it liket wol in sinkhole... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 september 2024
Eastermar twa dagen it sintrum fan de wrâld
De Hûnekop iepent it Easterbarren (Foto Saskia van den Berg) Wy skriuwe ‘the day after’. It Breed le... Fierder lêze »